Unike filmbylden dûke op: earste oeren fan de befrijing yn Ljouwert

Mannen mei in bân om de earm mei dêrop de letters BS rinne oer de Wirdumerdyk yn Ljouwert. De iene sjocht wat skril om him hinne, de oare rint mei in Dútske Panzerfaust, in antytankwapen oer it skouder. Wer in oar laket nei de kameraman. Dy kameraman is Johan Witteveen. Hy lei mei syn frou Agaath Witteveen-Obbema de earste oeren fan de befrijing fan Ljouwert fêst. It momint dat de Kanadeeske befrijers noch ûnderweis wienen.
Unike befryingsbylden Ljouwert opdûkt
It is snein 15 april 1945. De strjitten binne noch wiet fan de rein dy't yn de nacht fallen is. Yn dy rein hawwe de BS, de Binnenlandse Strijdkrachten, de lêste 200 Dútsers yn Ljouwert oermastere. Slûpskutters waarden útskeakele en de finzenen waarden befrijd út de Blokhúspoarte. De BS'ers hâlde de earste minsken oan en witte de measte Dútske sabotaazjes-aksjes foar te kommen. Dat wie ien fan de opdrachten fan de BS. Sa moast in grutte moarderij foarkommen wurde.
Dy moarn stie Witteveen yn de nis fan in winkelpân njonken de menistetsjerke. Hy hat syn 8 milimeterkamera yn de hân. Hy wenne dêr tsjinoer op nûmer 25 mei syn frou en bern. De kamera hie hy al sûnt 1933. Witteveen brûkte him benammen om famylje-útstapkes mei fêst te lizzen. Mar no stie hy bûten om dit tafriel fêst te lizzen.
Earst de BS'ers dy't mei stenguns en gewearen yn de hân oan de sydkanten fan de strjitte patrûlearje. Dêrnei de earste arrestaasjes en it ôffieren fan saneamde 'Moffenhoeren', froulju dy't relaasjes hiene mei Dútske militêren. Ien fan har moat in foto fan in hege Dútske militêr boppe de holle hâlde, in oare rint mei de fingers yn de earen.
De film is krekt wer boppe wetter kaam. Nei de oarloch is de film faak ôfspile troch de famylje, seit Han Witteveen. It wie syn pake dy't de bylden makke. "We hebben ze vaak gezien, deze beelden. Opa was een man die best veel vastgelegd heeft."
Syn sus Ellen de Ridder follet oan: "Onze moeder zei altijd dat dit eigenlijk naar het Verzetsmuseum moest. Het kwam er niet van. Op een gegeven moment raak je het dan kwijt. Vijf jaar geleden kwam het weer boven tafel en toen werd het tijd om het over te dragen." It Fries Verzetsmuseum ferwiisde daalks troch nei it Fries Film Archief en dêr is it digitalisearre.
Ik tocht fuort: Bingo.
Syds Wiersma fan it Fries Film Archief
Syds Wiersma fan it Fries Film Archief is der wiis mei: "Wy hawwe wol mear filmkes fan de Befrijing. It giet dan om de Kanadezen dy't mei de tanks Ljouwert yn ride. Wat wy hjir sjogge, dat is hast net fêstlein. Dy earste oeren fan de Befrijing, der binne mar in pear dy't dat fêstlein hawwe. Ljouwerter Ruurd Rodenburg filme út syn sliepkeamersrút wei BS'ers rinnend yn de Spanjaardsleane. Dan is der is acht sekonden byld út Drachten. Dit is in minút as fjouwer unyk byld. Ik tocht fuort: Bingo."
It makket it filmke unyk yn syn soart. Wiersma: "Ja, want je sjogge ek de earste wifeling by de Ljouwerters. Kin de flagge no al of net út? Minsken sjogge om it hoekje om te sjen oft de befrijers echt yn oantocht binne."
In winkelman skiuwt op de muorre de tekst: Welcome, dear liberators en in oare doart it portret fan Wilhelmina wer boppe wetter te heljen. Stadichoan komt it besef dat Ljouwert frij is en dan barst it feest los.
"Het moet wel zo zijn dat opa en oma dit rolletje bewaard hebben voor dit moment. Daar hadden ze lang op gewacht", seit Ellen de Ridder.
Han Witteveen en Ellen de Ridder op it plak dêr't de film makke is © Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
Op in wiete moandeitemiddei steane Han en syn sus Ellen foar it âlde winkelpân oan de Wirdumerdyk. Der sit no in reisburo yn dat krekt iepen is. "Kijk, hier moet hij dan gestaan hebben te filmen!", seit Han. Hy stiet by in hippe skuonsaak deun njonken de tsjerke. "Eigenlijk is het niet heel anders dan destijds. Ja, gevels zijn wat aangepast maar in de basis herken je alles wel."
Dêr sa steand, foar it pân dêr't Ellen en Han berne binne, komme de ferhalen as fansels. Oer de ûnderdûkplakken boppe ien fan de stegen oan de Wirdumerdyk en oer hoe't se dêr by in razzia oerhinne springe moasten om dêr te kommen. En oer har eigen jeugd dêr en alle aventoeren dy't se belibbe hawwe.
Han Witteveen, Ellen de Ridder en Syds Wiersma yn de filmseal fan Tresoar © Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
Alle bylden dy't de famylje Witteveen yn de jierren 30 en 40 makke hat binne digitalisearre. Dat is dien yn it ramt fan it Deltaplan Digitalisering Cultureel Erfgoed Fryslân. Neffens Wiersma hawwe de Witteveens Ljouwert op in bysûndere wize fêstlein: "Johan en syn frou Agaath makken der echt wurk fan. Se hawwe in soad filme binnen en bûten de stêd. It jout ek in moai tiidsbyld fan 20 jier Wirdumerdyk yn de jierren 30 oant 50."