VC Snits klimt nei krúsjaal sechde plak mei oerwinning op Zwolle

09 jan 2020 - 16:39

VC Snits hat in goede slach slein yn de striid om in plak yn de kampioenspûl fan de earedifyzje follybal. Snits wie woansdeitejûn yn eigen hûs mei 3-1 te sterk foar Regio Zwolle Volleybal. De ploech stiet no by de earste seis fan de kompetysje en dat soe oan de ein fan it seizoen dielname oan de kampioenspûl betsjutte.

Trainer Henriette ter Steege oer de oerwinning:

Snits spile in minne earste set tsjin Zwolle. De Zwollenaren hiene de hiele set in foarsprong en joegen dy net mear fuort. Mei 19-25 wie Snits likernôch kânsleas.

Werom fan efterstân

Dêrnei begûn it ynienen te rinnen by de Snitsers. Yn de twadde en tredde set makke Snits gehak fan Zwolle. Mei 25-15 en 25-12 as setstannen makke Snits op yndrukwekkende wize de efterstân goed: 2-1.

Yn de fjirde set gie it lange tiid lykop. Dochs luts Snits ek dizze set nei him ta (25-18). Dêrmei wie de oerwinning wis. Snits springt no oer Zwolle hinne op de ranglist en hat in plakje yn de kampioenspûl no wer hielendal yn eigen hân.

Anlène van der Meer oer it duel mei Zwolle:

Trefwurden: 
follybal VC Snits
(advertinsje)
(advertinsje)