Brânwacht op It Hearrenfean helpt mei rikjende akku plysje-auto

09 jan 2020 - 06:20

De brânwacht op It Hearrenfean hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei de plysje holpen mei technyske maleur oan in tsjinstauto. De akku fan in plysje-auto op it Gashouderplein waard hjit en begûn te rikjen.

Foto: ANP

Mei de nedige kreativiteit ha de brânwachtminsken de akku út de plysje-auto helle. Soargen oer de feilichheid hoegden de Feansters harren net te meitsjen. Der stie in reserve-akku yn it plysjeburo, sadat de tsjinstauto wer rap ynset wurde koe.

Trefwurden: 
plysje It Hearrenfean auto
(advertinsje)
(advertinsje)