"Oanpak feangreidegebieten yn Fryslân ûnbetelber"

09 jan 2020 - 08:41

De provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân hawwe miljoenen euro's tekoart om it Fryske feangreidegebiet te rêden. Dat die woansdeitejûn bliken by in kommisjegearkomste yn it provinsjehûs yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Yn de perioade oant 2030 hawwe provinsje en Wetterskip Fryslân mei-inoar 35 miljoen euro beskikber, mar dat sil lang net genôch wêze, is de ferwachting. Ek deputearre Douwe Hoogland tinkt dat de oanpak fan it feangreidegebiet yn kombinaasje mei de stikstof wol yn de miljarden rinne kin yn ús lân.

Feangrûn ferdwynt

Der moat wol wat barre yn it Fryske feangreidegebiet fan 70.000 hektare. Troch ûnder mear de drûchte sakket de boaiem en ferdwynt de Fryske feangrûn. Dêrnjonken wurdt de útstjit fan CO2 heger. Troch it ferheegjen fan it wetterpeil moatte de negative gefolgen fan de drûchte oplost wurde, mar dat is ek net foar elkenien goed. Boeren kinne faak net goed buorkje mei dat hegere wetterpeil.

De provinsje en Wetterskip Fryslân hawwe twa gebieten útkeazen dy't geskikt binne foar yngreven maatregels. Dat binne de polder Hege Warren tusken Grou en de Alde Feanen en Aldeboarn De Deelen. Yn de Hege Warren moatte der boeren útkocht wurde.

Provinsjale Steaten nimme op woansdei 22 jannewaris in beslút oer de oanpak fan de problemen yn it Fryske feangreidegebiet. Wetterskip Fryslân praat der op 20 jannewaris al oer.

Deputearre Douwe Hoogland oer it feangreidegebiet

Boer Jaap Formsma

(advertinsje)
(advertinsje)