Grutte ferdieldheid oer rommere winkeltiden yn Ljouwert

Der is grutte ferdieldheid oer mooglike ferromming fan de winkeltiden yn de gemeente Ljouwert. As it oan it kolleezje leit, meie de winkels tenei iepen fan moarns seis oere oant jûns tolve. Ek op bysûndere dagen lykas peaske en de krystdagen meie ûndernimmers harren winkels iependwaan as se dat sels wolle.
Iepen Poadium oer ferromming winkeltiden yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Ivo Krikke fan de sakeklup Grou is foar langere iepeningstiden
Benammen út kristlike hoeke is der krityk op dit plan. Dûmny Alfons van Vliet rôp woansdei op Omrop Fryslân op ta ferset, mar ek it bûn FNV is der bot op tsjin. It soe ta skea gean fan it winkelpersoniel dat yn trochsneed al net in protte fertsjinnet en de rekkens betelje mei fan de rommere winkeltiden, sei Linda Vermeulen fan de FNV op it Iepen Poadium fan de gemeente Ljouwert. Hayo Galema is binnenstêdmanager fan Ljouwert, is foar it plan, en tinkt dat it goed is foar de winkels. De Business Club Grou is ek foar.
De gemeenteried soe nije wike in beslút nimme oer langere winkeltiden, mar dat is útsteld. De nije datum is noch net bekend.
Hayo Galema, binnenstêdmanager Ljouwert