Gemeente wol lûden oer mooglike misstannen Weaze ûndersykje

08 jan 2020 - 21:44

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert wol gjin misstannen op de Weaze en as dy der wol binne wol hy se oanpakke. Dat sei er yn reaksje op in reportaazje fan telefyzjeprogramma Nieuwsuur. Dêryn wurdt sein dat Ljouwert it 'afvoerputje' fan de prostitúsje yn Nederlân is.

It doel fan de gemeente is in prostitúsjesône sûnder misstannen, seit boargemaster Buma. Hy wol earst in tal dingen ûndersykje, want de dingen dy't tsjin Nieuwsuur sein binne, binne oer it algemien net bekend by de gemeente. Buma wol graach witte wêr't dy lûden weikomme.

Kontrôle

In foarbyld fan oanpak is dat it, krekt as op oare plakken yn Noard-Nederlân, yn Ljouwert ek ferplichte wurde moat dat de prostituees harren as selsstannige ynskriuwe by de Keamer fan Keaphannel en yn de gemeentlike basisadministraasje. Dat moat kontrolearre wurde foardat de froulju oan it wurk gean.

It fernuveret Buma dat de eksploitanten sizze net alles te witten oer de prostituees. Hy wol stranger wêze foar de eksploitanten. As dy de kontrôle dwaan wolle, moatte se it wol goed dwaan en oars moat de gemeente it dwaan.

De Weaze yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Wurkoeren

Oer de wurkoeren fan sechstjin oeren deis binne ferskillende ferhalen, seit Buma. De bordelen binne sechstjin oeren lang iepen. Oant no hat hat Buma heard dat de prostituees net sechstjin oeren wurkje, mar inkeld op oeren dat it drok is. Buma wol krekt witte hoe't it sit en as it nedich is pakt de gemeente it oan, bygelyks troch fan de eksploitanten te easkjen dat se tinke om de wurktiden.

Te lege tariven

Buma wit net fan de lege tariven fan tusken de 20 en 35 euro. Hy wol witte wêr't dat ferhaal weikomt en hoe't it yn Ljouwert sit yn fergeliking mei de oare stêden yn Noard-Nederlân.

As it yn Ljouwert echt sa min is as yn de reportaazje fan Nieuwsuur sein wurdt, sil Ljouwert it belied sa oanpasse dat it better wurdt, seit Buma.

(advertinsje)
(advertinsje)