Van der Zwan: 'Den Haag stiet op Olympyske ôfstân fan praktyk gemeenten'

08 jan 2020 - 21:45

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean gie woansdei yn syn nijjierstaspraak wiidweidich yn op de soarchtaken fan de gemeente. Neffens him stiet Hearrenfean der better foar as guon oare gemeenten. Tekoarten op de jongereinsoarch koe Hearrenfean de ôfrûne jierren noch opfange. Dochs seit Van der Zwan mei klam dat der in lanlike oplossing fûn wurde moat, omdat oars Hearrenfean ek flink yn de reade sifers komt te stean.

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean - Foto: Gemeente Heerenveen

De boargemaster fynt dat der in grutter part fan de nasjonale belestingsinten nei gemeenten gean moat. "De belastingdruk voor de mensen blijft dan gelijk, maar de inkomsten gaan voor een veel groter deel naar de gemeenten." Allinne sa kin in gemeente neffens him mear wêze as 'alleen maar een uitvoeringsloket van het Rijk.'

'Den Haag op Olympyske ôfstân'

Van der Zwan sei dat Den Haag op 'Olympyske ôfstân' fan de praktyk fan it útfieren stiet. Net allinne as it om de soarch giet, mar hy is ek net te sprekken oer hoe't de lanlike oerheid mei de oanpak yn de stikstof en de PFAS-dossiers omgiet. "In zijn algemeenheid zal de financiële ruimte voor gemeenten veel groter moeten worden."

Nettsjinsteande dat is Van der Zwan wol posityf oer de ekonomy fan Hearrenfean. Neffens him binne der yn 2019 goed 1.400 banen by kaam. "Als gemeente willen we in ieder geval de banenmotor van Noord-Nederland blijven." Hy is der grutsk op dat de gemeente op it 31e plak stiet as it giet om ekonomyske toplokaasjes yn it lân. Dat is de heechste fan Noard-Nederlân.

Tekoarten by Thialf

Fierder spruts Van der Zwan ek koart oer iisstadion Thialf. "Ons schaatshart van de wereld moet wel uit de rode cijfers getrokken worden," joech hy oan as reaksje op de grutte tekoarten dy't yn de ôfrûne wike bekend wurden binne. "Dat is niet alleen een verantwoordelijkheid van directie en de aandeelhouders, maar ook van de schaatssport zelf en van het bedrijfsleven in brede zin," fynt de boargemaster.

Kettingbotsingen

Oan it begjin fan de taspraak stie de boargemaster ek noch efkes stil by de kettingbotsingen mei âld en nij by Akkrum en it klaverblêd. "Eén dodelijk slachtoffer, tientallen gewonden en heel veel gestrande mensen, waaronder ook gezinnen met kleine kinderen, die vaak hele angstige momenten beleefd hadden. Voor deze mensen was het echt een dramatische oudejaarsavond. Uiteindelijk hebben we voor zo'n zeventig mensen een slaapplaats kunnen regelen."

(advertinsje)
(advertinsje)