Is F-35 echt folle lûder as F-16? Yn Marsum hâlde se it by

It nije gefjochtsfleantúch F-35 op de fleanbasis Ljouwert giet sûnt moandei middeis en jûns de loft foar oefeningen. Njonken dit tastel, ek wol JSF neamd, dogge ek de bekende F-16's mei oan de oefeningen. Neffens Definsje soe it ferskil yn leven tusken de beide fleantugen lyts wêze, mar Geert Verf fan Doarpsbelang Marsum besiket sekuer by te hâlden hoefolle lûd oft der no echt fan de fleanbasis komt.
Geert Verf fan Marsum © Omrop Fryslân, Willem de Vries
De strieljagers gean omheech de loft yn oer Marsum en by it lânjen fleane sy oer Jelsum hinne. Neffens Verf is it ferskil tusken de F-16 en de F-35 grutter by it lânjen as by de start. By de start stoe it 6 desibel ferskille en by it lânjen soe it om sa'n 15 desibel gean. Om it lûd presys te mjitten, binne der in fyftjintal mjitpunten om de fleanbasis hinne.
Verf jout oan dat Definsje wol in tasizzing dien hat dat sy binnen de jildende lûdsnoarmen bliuwe. Definsje is iepen, neffens Verf, en hy besiket sa goed mooglik mei de oare partij op te arbeidzjen. Dochs krijt Verf alle dagen wol ien oant trije reaksjes fan minsken oer lûdsoerlêst.
Ferslachjouwer Willem de Vries besiket út te finen hoe lûd oft de strieljagers oerfleane