Jillert Anema: "It reedriden giet stikken troch wedstriden dêr't net in harsens op de tribune sit"

08 jan 2020 - 21:01

De basis fan it reedriden wurdt ûndermine troch flauwekul. Der binne wrâldbekerwedstriden dêr't net in harsens op de tribune sit. Dat seit reedrydcoach Jillert Anema. "Dan moatte we wer nei Verweggistan. It binne kloatereizen."

Reedrydcoach Jillert Annema - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"We binne bytiden mear as 24 oeren ûnderweis om yn de ien of oare rotstêd te kommen. En dan moatte we noch fan it hotel nei de iisbaan ta", seit Anema.

"It is eins in ferskriklik fak, en it wurdt bepaald troch minsken dy't ús ergens hinne stjoere omdat se dan sels op de ien nei heechste ferdjipping fan in grut flatgebou sitte kinne yn in hotel dêr't de boppeste ferdjipping in stripteaseklup is. Dat fine se moai."

Jillert Anema die syn útspraken yn it radioprogramma Weistra op wei.

Kommend wykein binne op Thialf de EK ôfstannen. Anema sjocht dêr net nei út, seit er. "It is myn wurk. Minsken tinke dat ik der nei útsjoch. Dat is net sa. Ik moat it gewoan goed dwaan."

"Ik moat foar de riders de baan skjinmeitsje. En dat leit my wol. Ik doch it al hast fjirtich jier."

Anema hat der soms wol lêst fan dat er yn de belangstelling stiet, seit er. "Hoe't minsken my soms delsabelje, dat kostet enerzjy."

"Ik haw gjin Twitter en Facebook en sa. Dêr doch ik net oan mei en dus ik haw der op himsels ek net in soad lêst fan. Mar as minsken yn myn omjouwing it lêze, en ik krij myn dochter gûlend oan de telefoan, dan snijt my dat dwers troch de siel. Dan is dit wurk wol einich."

Jillert Anema yn Weistra op wei: "It is in ferskriklik fak"

(advertinsje)
(advertinsje)