Jouster winkellju lilk op BenW

Midstrjitte De Jouwer © Google Street View
De winkellju fan De Jouwer binne lilk op de gemeente Skarsterlân fanwege de ferhuzing fan de Action. Dy saak giet fan de Roggemolenstrjitte nei de Geert Knolwei. Neffens de winkellju lizze der dúdlike ôfspraken dat de detailhannel yn en om de Midstrjitte bliuwt.
Sy fine dat de gemeente dy ôfspraak negeart troch de ferhuzing fan de Action mooglik te meitsjen. Se binne bang dat de Midstrjitte leech rinne sil as winkels op oare lokaasjes tastien wurde.