Fjoerwurk ûnder fjoer: mar hoe sit it mei karbid?

08 jan 2020 - 19:00

Hieltyd mear minsken wolle in fjoerwurkferbod. Fjoerwurk soe foar in protte oerlêst soargje en noch hieltyd reitsje in protte minsken ferwûne. Oer karbid liket der net safolle diskusje te wêzen. Hoe sit it no eins mei karbidsjitte? Is it feiliger as fjoerwurk en wat binne de regels by it karbidsjitten?

De fjoerwurkshow yn Broeksterwâld - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Regeljouwing

It Fjoerwurkbeslút is fan krêft op saneamde pyrotechnyske mingsels. Karbid is lykwols net sa'n pyrotechnysk mingsel. Hjirtroch falt karbidsjitten net ûnder it Fjoerwurkbeslút. Lanlik is der dus gjin spesifike wetjouwing oer karbidsjitten. Al binne der fansels wol saken by it karbidsjitten, dy't ûnder oare wetjouwing falle. Sa binne de artikels fan de Wet Milieubeheer en bepalingen út it Wetboek fan Strafrecht fan tapassing op it karbidsjitten.

Op gemeentlik nivo binne der wol regels foar karbidsjitte. Sa moatte minsken dy't karbid ôfsjitte wolle dit yn de measte gemeenten melde. By de gemeente Súdwest-Fryslân moatte minsken dy't karbidsjitte wolle harren yn alle gefallen twa wiken yn it foar melde by de gemeente.

Yn guon gefallen moatte minsken in ûntheffing oanfreegje. Yn Noardeast-Fryslân is altyd tastimming fan de gemeente nedich en yn Eaststellingwerf hoege minsken hielendal gjin melding te meitsjen by de gemeente.

Karbidsjitte yn Ousterhaule oan de Heerewei - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Karbidferbod?

De rop foar in fjoerwurkferbod wurdt hieltyd lûder. Oer karbid bliuwt it oant op heden reedlik rêstich. Der reitsje by karbidsjitten lykwols ek minsken ferwûne. Yn 2009 kaam der sels in man by it karbidsjitten om it libben. In mooglik fjoerwurkferbod betsjut lykwols net dat karbidsjitte ek ferbean wurdt.

In oanpassing fan it Fjoerwurkbeslút hat gjin effekt op it karbidsjitten. Mocht it regear in ein meitsje wolle oan karbidsjitte, dan soenen se dus nije regels opstelle moatte of karbidsjitte taheakje oan it Fjoerwurkbeslút. Fansels soenen ek de gemeentes regeljouwing opstelle kinne om it karbidsjitten yn dy gemeente te ferbieden.

Klachten

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân ha mei âld en nij lytse ynsidinten west, fan it karbidsjitten op in plak dêr't yn it foar gjin melding fan makke wie oant it brûken fan te grutte bussen. Sa;n 20 oant 25 oanfragen foar karbidsjitten wienen dien. Ek wienen der meldingen fan oerlêst dat bûten de fêstleine tiden sketten waard en oer it leven.

Yn de gemeente Noardeast-Fryslân en Dantumadiel ha twa meldingen fan klachten by it karbidsjitten west. Ien gie oer oerlêst en ien te krijen mei in fergunning dy't net oanfrege wie.

Trefwurden: 
karbid fjoerwurk
(advertinsje)
(advertinsje)