Boargemaster fan Súdwest-Fryslân slút drugshûs yn Snits

08 jan 2020 - 17:22

Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân hat woansdei in wenning oan de Mansel yn Snits sluten. Trije moannen lang kin der gjinien yn. De boargemaster kaam ta de sluting nei oanlieding fan in plysjeûndersyk. Dêr die út bliken dat de bewenner yn harddrugs hannele.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

By in ynfal fûn de plysje 18 gram kokaïne yn de wenning. Der lei boppedat guod dat mei drugshannel yn ferbân brocht wurde kin, lykas ferpakkingsmateriaal en in skeal mei resten poeier. Yn de auto fan de bewenner waard 50.5 gram harddrugs fûn dy't ek foar de hannel bestimd wie.

De sluting fan drugsgebouwen moat kriminaliteit tsjingean, en fersteuring fan de iepenbiere oarder en oantaasting fan it wen- en libbenklimaat foarkomme.

(advertinsje)
(advertinsje)