Charles Groenhuijsen hat nocht oan nije programma: "Leuker wordt het niet op mijn 65ste"

08 jan 2020 - 17:15

De striid om de telefyzjesjogger op de lette jûn is dizze wike losbarst: wa hat de measte sjoggers? Is dat Eva Jinek op RTL4 of har opfolgers fan Op1 by de NPO? By Op1 is flink wat Fryske ynbring: Welmoed Sijtsma en Fries om utens Charles Groenhuijsen. Dizze sjoernalistike nestor hat in soad nocht oan it nije aventoer.

Foto: ANP

"Ik heb er ontzettend veel zin in. Als het gaat om informatieve televisie, wat ik mijn hele leven heb gedaan, dan is dit de Champions League. En dan ook nog eens op verreweg het best bekeken net van Nederland, NPO1, en ook nog eens bij een omroep waar ik me geweldig bij thuis voel, Omroep MAX. Leuker wordt het niet op mijn 65ste", fertelt Charles Groenhuijsen.

De Fries om utens wurke earder by it Journaal, wie Amearika-korrespondint en presintearre ûnder oare Nova. It nijs is him dus bekend. Yn de lêste oeren foar syn earste útstjoering is it benammen noch repetearje wat se dogge. "En het nieuws in de gaten houden, natuurlijk. Je moet heel geconcentreerd zijn. Je moet pieken op het einde van de dag, dat is best lastig."

Hy komt net faak mear yn Fryslân. Syn bern wenje yn Sweden en Amearika, as er tiid oer hat, giet er nei syn bern "en dan schiet Friesland er bij in". Hy hat de lêste jierren wolris in wike yn Terherne sitten, by it skûtsjesilen sjoen en sels ek syld.

Foar lêzingen komt er ek noch wolris yn Fryslân. "En ik moet best vaak naar Groningen en als ik dan bij de rotonde van Joure ben, denk ik weleens zal ik even afslaan naar mijn geboortedorp, maar dan rijd ik toch maar weer door omdat ik haast heb."

De konkurrint fan it nije programma Op1 is dus it programma fan Eva Jinek, en lit dat no krekt de âld-stazjêre fan him wêze. "Her en der kom ik oud-stagiaires tegen, zoals Sander Warmerdam, de hoofdredacteur van de Leeuwarder Courant. Eva was begin 2004 bij me. Ze was een hele goede, al zag ik niet dat de toekomstige 'queen of late night' tegenover me zat en dat is ze wel geworden."

Charles Groenhuijsen

It programma Op1 is woansdeitejûn te sjen om 22.30 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)