Fertochten stekpartij Drachten bliuwe 30 dagen langer yn foararrest

08 jan 2020 - 17:14

De twa fertochte jonges fan 14 en 15 jier dy't belutsen wiene by de stekpartij yn Drachten, bliuwe 30 dagen langer yn foararrest. Troch de stekpartij kaam in 16-jierrige jonge om it libben. Dat de jonges langer fêst sitten bliuwe, is bekend makke troch it Iepenbier Ministearje nei in útspraak fan de bernerjochter.

Foto: ProNews

De beide jonges moasten woansdeitemoarn foar de riedkeamer komme. De sitting foar de riedkeamer wie besletten. De minderjierrige fertochten fan Drachten en De Gordyk mochten oant de sitting allinne kontakt hawwe mei harren advokaat en âlden.

Ofskied

It slachtoffer, Roan Brilstra, is in wike nei de stekpartij oan de Zuidkade yn Drachten yn it sikehûs ferstoarn oan syn ferwûningen. Woansdei is tusken de middei ôfskie nommen fan de jonge yn De Pein. Nei de útfeart wie der foar de lju dy't útnûge wiene gelegenheid om inoar te moetsjen yn de kantine fan fuotbalferiening ONB yn Drachten, dêr't hy spile.

(advertinsje)
(advertinsje)