Hayo Apotheker yn rft fan NHL

10 jul 2012 - 14:38

Hayo Apotheker, boargemaster fan de gemeente Súdwest Fryslân, is beneamd ta foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan de hegeskoalle NHL. Apotheker hat him jierrenlang ynsetten foar de ûntwikkeling fan de noardlike regio en past neffens de NHL dêrom prima yn it profyl fan dizze funksje.

De ried fan tafersjoch advisearret it kolleezje fan bestjoer. Apotheker folget Gerrit Ybema op, dy't begjin dit jier ferstoar.

Trefwurden: 
NHL Hayo Apotheker
(advertinsje)