Dijkstra's fan Berltsum ha earste hynst op keuring; dream komt út

08 jan 2020 - 17:09

De famylje Dijkstra, Durk en Marjolein, út Berltsum docht sneon mei harren earste goedkarde hynst, Arent 515, mei oan de hynstekeuring yn it WTC yn Ljouwert. Dêrmei komt in dream út. Durk wie earder boer, mar wurket no al in lytse tritich jier yn it WTC.

Dêr kaam hy yn de kunde mei de hynstekeuring en de Fryske hynders. Hy rekke yn 'e betsjoening, kocht in hynder en sloech oan it fokken. En no stiet der út de eigen fokline in hynst op de grutte keuring. Wat in hiel soad fokkers nea slagget hawwe hy en Marjolein tegearre foarelkoar bokst. Oer de reden dat it harren slagge is, is Durk hiel nuchter. "It is gelok."

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De hynstekeuring is sneon de hiele dei te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en ynternet.

(advertinsje)
(advertinsje)