FNP: Brûk besteande software foar Fryske ûndertiteling gearkomsten

As Fryske gemeenten de riedsgearkomsten dy't sy op ynternet útstjoere, yn it Frysk ûndertitelje wolle, moatte sy ris goed sjen nei de software dy't al ûntwikkele is by de Fryske Akademy. Dat seit de FNP yn Provinsjale Steaten.
© Omrop Fryslân, Andries Bakker
De partij wol foarkomme dat der in rommelige situaasje ûntstiet as gemeenten allegear mei ferskillende eigen oplossingen komme. Op grûn fan in Europeeske rjochtline wol Nederlân ynformaasje fan de oerheid op ynternet better tagonklik meitsje.
Ien fan de konsekwinsjes is dat fideo-ferslaggen fan gearkomten fan de ried, de Steaten en ek it wetterskip mei yngong fan septimber 2020 ûndertitele wurde moatte.
Foar it Nederlânsk wurdt dat dien mei spesjale software dy't sprutsen wurd omset yn skreaune taal. Foar riedsleden dy't Frysk prate, moat no in oplossing fûn wurde.
De FNP wiist op de software foar spraakwerkenning dy't de Fryske Akademy al mei jild fan de provinsje ûntwikkele hat. Fryske ûndertitels soenen miskien sa wol út de kompjûter rôlje kinne. It programma soe faaks al foar de simmer 2020 wurkje kinne, mar dan moat der noch wol it ien en oar oanpast wurde foar ûndertiteling. De partij hat der skriftlike fragen oer steld oan Deputearre Steaten.