Sven Kramer: "Goud is realistysk, mar Roest is de favoryt"

Sven Kramer en Jorrit Bergsma ride sneon de 5000 meter op it Europeesk kampioenskip ôfstannen op It Hearrenfean. Sven Kramer waard acht kear wrâldkampioen op dizze ôfstân, Bergsma fjouwer kear twadde, mar toch is Patrick Roest de favoryt. It EK ôfstannen wurdt foar de twadde kear organisearre.
Sven Kramer Jorrit Bergsma
Kramer fielt him goed. Hy is goed opknapt fan it auto-ûngemak yn Inzell en mei syn rêch giet it goed. "It is eltse dei wer ôfwachtsje, mar it giet no goed. Mar we ha no noch fjouwer dagen, dus it is ôfwachtsjen."
Neffens Kramer is goud op de 5000 meter wol realistysk. Op it NK ôfstannen siet Kramer mar in sekonde efter de winner Patrick Roest. "Net om Jorrit, mar Roest is de favoryt. Dat hat hy sjen litten. Mar ik ha de 'stijgende lijn' te pakken."

Utslaggen wedstriden dit seizoen op de 5000 meter:

Wrâldbeker Minsk

Wrâldbeker Poalen

(Sven Kramer die net mei)

Wrâldbeker Nagano

(Bergsma, Kramer en Roest diene net mei)

NK ôfstannen Hearrenfean

Kramer rydt ek noch de ploege-efterfolging. "Ast my fregest, libbet dat wol wat minder. It sit toch wat minder yn de Nederlânske kultuer. Wylst dat wol apart is, want ynternasjonaal is dat net sa. Dan is it gewoan ien fan de ôfstannen."
Sjoch hjir nei it folsleine ynterview mei Sven Kramer:
Sven Kramer
Jorrit Bergsma is yn goeie dwaan. Hy liket sels yn bloedfoarm. "Mwa, it kin noch wol better," sa seit Bergsma. Bergsma pakte ein desimber de Nederlânske titel op it NK ôfstannen op de tsien kilometer, holp Stroetinga nei de titel op de massa-start en pakte de winst op de maraton yn Thialf. "By de maraton moat it ek wat meisitte. Mar it giet wol goed, ja. Mar oft ik yn de foarm fan myn libben bin, dat wit ik net."
Op it EK is der wol in 5 kilometer, mar gjin 10 kilometer. Bergsma giet foar in poadiumplak: "Dat soe moai wêze. Ik ha by de wrâldbekers noch net sjen litten dat ik winne kin. De Russen en Roest binne rapper oant no ta en Kramer komt der ek oan."
Sjoch hjir nei it folsleine ynterview mei Jorrit Bergsma:
Jorrit Bergsma