Misstannen yn bordelen Ljouwert, prostituees wurkje ûnder de priis

08 jan 2020 - 16:51

Prostituees yn Ljouwert wurkje fier ûnder de priis. Besite oan publike froulju foar seks yn Ljouwert kin al foar in pear tientsjes de kear. Dat hat it programma Nieuwsuur fan de NOS útsocht. Ljouwert wurdt lanlik sjoen as it 'afvoerputje' van de prostitúsje. Froulju wurkje faak swart en der binne twivels oft se it wurk wol frijwillich dogge.

Sûnt de opheffing fan it bordeelferbod yn 2000 meitsje gemeenten sels út wat harren prostitúsjebelied is. Dêrtroch kinne froulju yn Ljouwert sagau't se 21 jier âld binne sân dagen yn de wike sechstjin oere deis wurkje. It gefolch fan it Ljouwerter belied is dat froulju swart wurkje en ûnder de priis.

Boargemaster Buma is op de hichte fan de problemen. Hy seit tsjin Nieuwsuur dat prostituees net echt sechstjin oeren wurkje, mar dat se foar in part fan de dei op it wurkplak binne sûnder te wurkjen. Buma wol dit yn de takomst foarkomme.

De reportaazje fan Nieuwsuur is woansdeitejûn is te sjen op NPO 2.

De Weaze yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Judith Pennarts fan Nieuwsuur oer de situaasje yn Ljouwert

Yn Ljouwert binne fjouwer bordelen mei dêryn 130 ruten, fertelt Judith Pennarts fan Nieuwsuur. Dêr wurkje froulju út East-Europa en Súd-Amearika. Se moatte in keamer hiere foar 60 oant 75 euro deis en sliepe ek yn in bordeel. It starttaryf foar seks is yn Ljouwert 35 euro, mar it komt ek foar dat it foar 20 euro al los kin.

De prostituees hawwe gjin kontakt mei de gemeente. Dy kontrolearret net oft se as selsstannige ynskreaun stean by de Keamer fan Keaphannel. De gemeente hat inkeld kontakt mei de útbaters fan de bordelen en hat dêr regels foar opsteld.

Nei in pear wiken gean de froulju faak wer fierder nei in oar plak. Dizze ûnwisse situaasje en it gebrek oan kontrôle wurket misbrûk yn de hân, seit Pennarts.

Boargemaster Buma hat okkerdeis foar it earst op wurkbesite west yn de bordelen. Hy sil it belied oanpasse. Der komt mear kontrôle op de prostituees sels, bygelyks oft se wol ynskreaun stean as zzp'er.

Boargemaster Buma

(advertinsje)
(advertinsje)