Fûgelspinnen en oare giftige bisten meikoarten yn Natuurmuseum Fryslân te sjen

Natuurmuseum Fryslân feroaret meikoarten yn in bistetún. Fan heal febrewaris ôf is de tentoanstelling GIF te sjen. It falt net ta dat klear te krijen foar it publyk. Ynkoarten wurde de bisten oerbrocht út Spanje wei nei Ljouwert. Mar earst moat noch in fergunning ôfjûn wurde.
Natuermuseum Fryslân © Google Street View
Dy fergunning is nedich, fertelt direkteur Tom van Slooten. "Omdat we langer dan 7 dagen levende dieren in een omgeving laten zien heb je een dierentuinvergunning nodig." Dêr is er no mei dwaande, de lêste stikken wurde oan in kommisje oanlevere. "Dat gaat om zaken als dierenwelzijn en veiligheidsprotocollen."
Yn febrewaris komme minsken nei Ljouwert om te sjen oft alles goed is. Neffens Van Slooten is de kâns lyts dat it noch misgiet.
"De tentoonstelling legt uit hoe gif zich in de natuur manifesteert en wat het betekent om gif in de natuur tegen te komen. Dat doen we met giftige dieren zoals de vogelspin, zwarte weduwe, adder en er komt zelfs een koningscobra. Die zitten allemaal in dubbelwandige terraria."
Hy is wiis mei de bisten. "Ik was al museumdirecteur en nu ben ik ook nog directeur van een dierentuin. Dat ga ik wel op mijn cv zetten."
Direkteur Tom van Slooten