IIshockeyers Oranje winne fan Spanje en pleatse harren foar OKT-2

It Nederlânsk iishockeyteam hat woansdeitemiddei de earste ronde fan it Olympysk kwalifikaasjetoernoai (OKT) mei in 5-3 oerwinning tsjin Spanje wûn. Dêrmei pleatst de ploech him foar it saneamde OKT-2, dat yn febrewaris yn Kazachstan hâlden wurdt.
© ANP
It duel yn en tsjin Spanje, de finale fan it earste kwalifikaasjetoernoai, soe eins yn desimber spile wurde. By in stân fan 0-0 yn de earste perioade waard de wedstriid staakt, doe't in Zamboni soarge foar in wek yn it iis.

Nederlân hat it dreech mei Spanje

Woansdeitemiddei wie Nederlân de bettere ploech, mar it wie dreech om ôfstân te nimmen fan Spanje. Nederlân kaam op 1-0 troch in goal fan Bartek Bison, mar seach dat Spanje der 1-1 fan makke. Yn de twadde perioade kaam Nederlân troch goals fan Reno de Hondt en Jonne de Bondt op 3-2, mar de Spanjaarden makken der noch foar it begjin fan de tredde perioade 3-3 fan.
Yn de lêste perioade koe Nederlân it ferskil wol meitsje troch goals fan Raymond van der Schuit en Danny Stempher.

Twadde Olympysk kwalifikaasjetoernoai

Fan 6 oant en mei 9 febrewaris stiet OKT-2 op it programma yn Nur-Sultan, de haadstêd fan Kazachstan. Nederlân nimt it dêr, neist it thúslân, op tsjin Poalen en Oekraïne. De winner fan dat toernoai pleatst him foar de lêste kwalifikaasjeronde foar de Olympyske Spelen fan 2022 yn it Sineekse Peking.

Flyers by Oranje

By Oranje sitte ferskate minsken fan de UNIS Flyers. Trainer/coach Mike Nason is assistint-bûnscoach by Oranje, en de spilers Martijn Oosterwijk (goalie), Lars den Edel en Jord Smit meitsje diel út fan de seleksje.