Smellingerlân krijt ferbod op messen yn iepenbiere romten

08 jan 2020 - 15:34

Boargemaster Rijpstra fan de gemeente Smellingerlân stelt in ferbod op messen yn iepenbiere romten yn. Dat docht er nei oanlieding fan de stekkerij fan twa wiken ferlyn wêrtroch't de 16-jierrige Roan om it libben kaam.

Foto: ProNews

Rijpstra realisearret him dat hânhaving fan it ferbod dreech is. Mar as jo wat sizze, moatte jo it ek dwaan, seit er. Der moatte goede ôfspraken komme mei de plysje en it Iepenbier Ministearje, fynt Rijpstra. De plysje kin dan ek previntyf fûillearje en boargemasters kinne dit soarte maatregels ynfiere. Rijpstra wol dêr gebrûk fan meitsje sadat it feiliger wurdt yn guon gebieten, sa fynt er.

Earder rôp de boargemaster de lanlike polityk al op om maatregels te nimmen om stekynsidinten yn de takomst foar te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)