Opsporing Verzocht smyt alve tips op oer fertochte drugslab Ljouwert

08 jan 2020 - 15:28

Der binne alve tips binnenkaam nei oanlieding fan de útstjoering fan Opsporing Verzocht dy't tiisdei te sjen wie. Yn dy útstjoering wie omtinken foar in drugslab oan de mr. P.J. Troelstrawei yn Ljouwert. Yn dizze saak hat de plysje yn maaie 2019 al fiif oanhâldingen dien, maar de haadfertrochte is noch hieltyd net fûn.

De plysje kin gjin útspraken dwaan oer de ynhâld fan de alve tips, mar jout wol oan dat se dy fierder ûndersykje sille. Woansdei wiene der trije tips, mar nei it werheljen fan de útstjoering binne der nochris acht tips binnenkaam.

In arrestaasjeteam fan de plysje hat op 21 maaie 2019 in ynfal dien yn de loads yn it noardlike part fan Ljouwert. Dêrnei binne der fiif fertochten oanholden, mar neffens de plysje soe de 'spil yn de drugsproduksje' noch net oppakt wêze. Om't it yntusken al in skoft lyn is, hat de plysje besletten kamerabylden frij te jaan fan de man.

Frjemde trêd

De man falt op om't er 'een raar loopje' hat, sa die bliken yn de útstjoering fan Opsporing Verzocht. "Hij zwaait op een aparte manier met zijn ledematen." De fiif oare fertochten woene of koene neat sizze oer dizze sechde fertochte.

It drugslab is fûn nei in tip, it die yndie bliken dat der amfetamine sean waard op it terrein. Dat wurdt ûnder oare brûkt foar speed en xtc.

(advertinsje)
(advertinsje)