Nijjiersrevu De Jouwer wint Fryske Kultuerpriis: "Goed foar it Frysk"

08 jan 2020 - 15:22

De Kultuerpriis fan de gemeente De Fryske Marren giet dit jier nei de nijjiersrevu fan De Jouwer. It giet om in jildpriis fan 750 euro. De nijjiersrevu waard keazen út in list fan seis foardrachten.

Foto: Gemeente De Fryske Marren

Dy foardrachten binne dien troch ynwenners fan De Fryske Marren. De nijjiersrevu is troch de sjuery keazen omdat de stifting achter dy revu al 33 in kompleet Frysk stik op de planken bringt.

Ek dit jier stiet der wer in nij stik op it programma. De nijjiersrevu is dêrmei in 'stabile faktor yn de Fryske lokale kultuer', sa seit de sjuery.

Mei it útrikken fan de Fryske Kultuerpriis wol De Fryske Marren it brûken fan it Frysk stimulearje. Yn de gemeente wurdt it Frysk in protte brûkt. 70 oant 80% fan de ynwenners praat Frysk, 80 oant 90% ferstiet it ek.

(advertinsje)
(advertinsje)