Wurkstraf foar Ljouwerter dy't ambulânsemeiwurker en plysje mishannelet

08 jan 2020 - 14:59

In 23-jierrige Ljouwerter is woansdeitemiddei feroardiele ta in wurkstraf fan 100 oeren en in finzenisstraf fan twa wiken ûnder betingst. Hy krige de straf foar mishanneling fan in ambulânsemeiwurker en in plysje. Boppedat waard de man ûnder tafersjoch fan de reklassearring pleatst en moat er in kursus folgje oer de relaasje tusken alkohol en geweld.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn juny ferline jier wie de man op in feestje yn Sint-Anne net goed wurden. Syn freondinne belle 112, mar de Ljouwerter woe net holpen wurde troch de helptsjinsten.

Doe't de helpferlieners fuortgean woene, fleach de Ljouwerter ien fan de ambulânsemeiwurkers oan. Hy sloech ien fan de oproppen plysjes yn it gesicht.

Gjin finzenisstraf

De wurkstraf is net neffens de miening fan it regear, dat graach wol dat geweld tsjin helpferlieners bestraft wurdt mei in finzenisstraf. "Ik denk niet dat de maatschappij erbij gebaat is dat u naar de gevangenis gaat", sei de offisier fan justysje tsjin de man. Hy hâldt mei de straf rekken mei de persoanlike omstannichheden fan de Ljouwerter.

Trefwurden: 
mishanneling rjochtbank
(advertinsje)
(advertinsje)