Autocross Club lilk op KNAF

10 jul 2012 - 14:30

It Nederlânsk kampioenskip autocross yn Dokkum is ôfrûne sneon ûnterjochte ôflast. Dat seit de organisearjende Noordelijke Autocross Club. Sportkommissarissen fan de Nasjonale Autosport Federaasje, de KNAF, soene de wedstriid op it lêste momint skrast hawwe, omdat in oantal koereurs hieltyd mear klachten oer de baan hie. De Noordelijke Autocross is dêrnei mei in grutte kater sitten bleaun.

Trefwurden: 
Autocross Club KNAF
(advertinsje)