Loftmacht oefenet mei bommen op de Vliehors

De F16's fan de Keninklike Loftmacht traine yn it werpen fan bommen mei eksplosive lading op de NAVO-oefenlokaasje de Vliehors Range op Flylân. De trainingen binne fan 21 jannewaris oant en mei 25 jannewaris. Yn dizze perioade wurde bommen fan it type MK82, ek wol 500 ponders, delsmiten.
De Vliehors © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Neffens de Keninklike Loftmacht is it trainen yn it smiten fan bommen in wichtich ûnderdiel fan it oefenprogramma en is it needsaaklik as it giet om de ynsetberens fan de jachtfleanders. Dy moatte traind wêze foar in mooglike ynset.
De Vliehors Range is op it meast westlike diel fan Flylân en is in gebiet fan sa'n 17 kante kilometer. Op it terrein binne ferskate doelen opsteld foar fleantugen: bomdoelen, sjitdoelen en raketdoelen. Mei de oefeningen is de Vliehors Range net iepen foar publyk. De grins fan it oefenterrein is markearre mei warskôgingsbuorden en mei de oefening ek foarsjoen fan reade flaggen.

Lûdshinder

By de trainingsflechten rjochtet it Bureau Geluidshinder fan de Keninklike Loftmacht op Texel mjitposten yn, wêrby't de konstatearre waarsomstannichheden en de dêrút fuortkommende lûdshinder bepalend binne foar it útfieren fan de oefeningen. Dizze mobile mjitposten stean yn direkt kontakt mei de ferkearstoer fan de Vliehors Range.
De flechten binne moarns en middeis, mei útsûndering fan freedtemiddei. Der kinne ôfwykt wurde fan dizze planning fanwege operasjonele redenen of ûnfoarsjoene omstannichheden.
De fleanbewegingen kinne hjir folge wurde. Klachten oer bygelyks lûdsoerlêst kinne by de loftmacht yntsjinne wurde.