Brânwacht Fryslân krijt fiif spesjale dongteams

08 jan 2020 - 13:33

Brânwacht Fryslân krijt der ynkoarten fiif ploegen mei spesjalisearre dongteams by. Yn Fryslân komme der jierliks sa'n 25 dongynsidinten foar, wêrby't fee of minsken út jarrekolken rêden wurde moatte.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Om't der dochs meardere kearen yn it jier ynsidinten mei jarrekolken binne, wol de brânwacht der goed op taret wêze. De ploegen fan de posten fan Nijhoarne, Sint-Anne, Kollum en Sint-Nyk waarden faak al oproppen by mestynsidinten. Brânwacht Fryslân hat ek spesjale jarrepakken.

"Toch willen we het werk in mestputten nog veiliger maken en meer structureren", fertelt Oepke-Jan Bijlsma, lid fan de Fryske projektgroep Aanpak Mestincidenten. "Naast de vier genoemde ploegen wordt ploeg Mantgum bovendien de vijfde met een gespecialiseerd mestteam."

Trefwurden: 
brânwacht dong jarrekolk
(advertinsje)
(advertinsje)