Dûmny pleitet foar sneinsrêst: winkels moatte net altyd iepen wêze

08 jan 2020 - 13:04

De winkeltiden yn Ljouwert moatte net ferromme wurde, fynt Alfons van Vliet. Om dat foar te kommen ropt de dûmny de ynwenners fan Ljouwert op om woansdeitejûn nei de riedsgearkomste kommen. Hy komt op foar de frije sneintemoarn en neamt it in asosjaal plan as de winkels ek op sneintemoarn en op feestdagen altyd mar iepen kinne.

Winkelsintrum Zaailand yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Het is een asociaal plan omdat gewone mensen erdoor worden getroffen, de vakkenvullers en winkelmedewerkers", seit Alfons van Vliet.

"Als de winkels zondagochtend open zijn, kunnen ze die ochtend niet met hun gezin, familie of vrienden doorbrengen. Voor christenen speelt dan nog eens extra dat ze niet naar de kerk kunnen. Ze kunnen niet elke keer vrij vragen bij de baas, dan krijg je scheve gezichten onder collega's."

Van Vliet wol it leafst dat it kolleezje it foarstel ynlûkt. De keapsneinen binne neffens him eins net mear werom te draaien, mar ek dat fynt er wol spitich. "Het liefst zie ik dat de zondag een rustdag is, niet alleen voor christenen, maar voor iedereen. Het FNV zegt ook: we gaan kapot aan alleen maar werken, geld verdienen en winst maken."

Hy hopet dat minsken nei de gearkomste komme. "Mensen denken dat het toch wel niet zal helpen, maar we moeten onze stem laten horen: dit is een stap te ver, genoeg is genoeg. En hopelijk komen ze tot bezinning."

Alfons van Vliet

(advertinsje)
(advertinsje)