Acht Fryske slachtoffers ha eachletsel oprûn troch fjoerwurk

It oantal minsken dat mei âld en nij eachletsel oprûn hat, is flink omheechgien, seit it Nederlands Oogheelkundig Gezelschap. Mei de jierwiksel rekken 168 minsken ferwûne oan ien of beide eagen. Yn de Fryske sikehuzen kamen acht slachtoffers mei eachletsel binnen. Dat wie allegearre by it MCL yn Ljouwert.
Acht Fryske slachtoffers ha eachletsel oprûn troch fjoerwurk
Fan de acht slachtoffers dy't by it MCL binnenkamen, hawwe twa minsken bliuwend letsel oan de eagen. By de oare Fryske sikehûzen yn Drachten, It Hearrenfean en Snits binne gjin minsken behannele foar eachletsel troch fjoerwurk.
De beropsferiening Nederlands Oogheelkundig Gezelschap (NOG) hâldt eachletsel fan 2008 ôf by. Hast de helte fan de slachtoffers rekket ferwûne troch fjoerwurk dat in oar ôfstekt. It grutste part fan de slachtoffers (65%) rekket ferwûne troch legaal fjoerwurk.
It NOG pleitet foar in algehiel fjoerwurkferbod.
© ANP