VVD wol dat der ûndersyk komt nei slim mistûngelok op A32

08 jan 2020 - 12:35

De VVD-steatefraksje wol witte oft de provinsje fierder ûndersyk docht nei it ûngelok op âldjiersjûn op de A32 by Akkrum. Tsientallen auto's klapten doe yn tsjokke mist op mekoar. Ien frou kaam om it libben en der wienen tsientallen ferwûnen.

Foto: CAMJO Media

"It wie in slim ûngelok en it wie ek net it earste ûngelok op dit stik dyk", seit VVD-fraksjefoarsitter Klaas Kielstra. "Rykswettersteat hat al frij gau sein dat se it ûngelok fierder net ûndersykje, mar wy fine it belangryk dat dit wol dien wurdt om de ferkearsfeilichheid te ferbetterjen. Wêrom komt it faker foar op dizze dyk en wat kinne we dwaan om de sitewaasje te ferbetterjen? Is der miskien in ferbân tusken de ûngelokken?"

It giet om in rykswei, mar neffens Kielstra kin de provinsje wol by it Ryk en Rykswettersteat oantrúnje op sa'n ûndersyk. "Litte we yn petear gean. Wat binne de mooglikheden? Tsjin mist kinst net folle dwaan, mar watfoar maatregels kinne miskien wol naam wurde? Leit it oan de wei sels miskien en as dat sa is wat kinne we dan dwaan?" In matriksboerd soe in mooglikheid wêze om ferkear te attindearjen, mar Kielstra wol net op de stoel fan de ûndersikers sitten gean.

Klaas Kielstra

Trefwurden: 
ûngelok A32 VVD
(advertinsje)
(advertinsje)