Tentoanstelling 'Éric Van Hove: Fenduq' giet nei Sweden

08 jan 2020 - 11:43

De tentoanstelling Éric Van Hove: Fenduq hat hast 137.000 besikers nei it Fries Museum yn Ljouwert lutsen. De keunstner makke dit keunstprojekt mei tal fan ambachtsminsken út ferskate lannen. De ambachtlike motorblokken geane op reis en binne meikoarten yn Sweden te sjen yn Museum Vandalorum yn Värnamo.

Foto: David Vroom

Alle 295 ûnderdielen fan de 'Fryske motor' út in lânboumasine binne makke fan Marokkaansk houtwurk oant Hylper skilderwurk en fan Yndonezysk snijwurk oant Sweedsk glêswurk.

Dokumintêremakker Bart Kingma makke in trijedielige film oer it bouproses: Hert en Siel.

(advertinsje)
(advertinsje)