Trije Fryske projekten meitsje kâns op Appeltje van Oranje 2020

Trije Fryske projekten meitsje in kâns op in Appeltje van Oranje, in priis dy't jierliks troch it Oranje Fonds takend wurdt oan bysûndere, innovative of suksesfolle sosjale projekten dy't minsken ferbine en derfoar soargje dat sy wer meidogge yn de maatskippij.
© Oranje Fonds
Lanlik meitsje 38 projekten kâns op in Appeltje. Yn Fryslân giet it om it Maatjesprojekt fan Support Fryslân, de Blooming Bakery fan helpferlieningsynstânsje Fier en Samen Goud fan de Stichting Sociaal Goud. De ynstânsjes koene harsels opjaan.
"Wij zijn een vrijwilligersorganisatie die maatjes koppelt aan sociaal kwetsbare jongeren en kinderen", leit Erik Blank fan Support Fryslân út. "Het Appeltje zou een mooie bekroning zijn op het werk dat we doen en voor onze vrijwilligers."
Blooming Bakery fan Fier is in sosjale ûndernimming dy't geweldslachtoffers op wei helpt by harren stappen nei selsstannigens. Famkes kinne dêrby wurkûnderfining yn 'e bakkerij opdwaan. Samen Goud fan Stichting Sociaal Goud is in projekt dat iensume âlderein helpt by it weromfinen fan harren libbensdoel.
De priis is in brûnzen byldzje, dat makke is troch prinses Beatrix, en in jildbedrach fan 15.000 euro. De winners krije de priis út hannen fan keningin Máxima op Paleis Noordeinde. Minsken kinne stimme oant 16 jannewaris.
Erik Blank fan Support Fryslân oer it Appeltje van Oranje
Annemarie van Rijn fan helporganisaasje Fier