Ielaak Kornelis Yske II is wer as nij; frijwilligers socht foar ûnderhâld

De ielaak Kornelis Yske II is wer as nij. It houten skip leit sa'n trije wiken binnen op de werf yn Drylts. Dêr is it opknapt.
Ielaak Kornelis Yske II
It skip hat ferline jier in grutte reis makke, nei Londen. Eins hat it skip dêr net fan te lijen hân, fertelle frijwilligers Johannes Hobma en Rinus Grondsma.
"Op de weromreis hie de boumaster ús op plakjes wiisd dy't oan ûnderhâld ta wienen," fertelt Johannes Hobma. "Doe ha we in plan makke om dat goed oan te pakken."
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
"It skip is fan ikehout en op guon plakken is der wytrot yn kaam. Dat moat der gau út, want dat fret it hout op," ljochtet Rinus Grondsma ta. "It giet ûnder oare om de wetterbalke, dat is in opsteande râne, dêr sitte drûchskuorren yn. Dêr bliuwt wetter yn stean."
De waarme simmers binne net goed foar in houten skip. De frijwilligers ha dy rotte stikken derút kapt en der nije stikken hout ynset. En se ha it skip ek opnij farve en de binnenkant ha se ek ûnder hannen nommen.
"It is wer as nij, it blinkt deroer", seit Grondsma. "It skip is wer klear om te farren, earst werom nei Heech en dan yn de winterberging. Ein maart, begjin april komt de mêst omheech en kin it túch derop."
De ielaak yn de stêd © Omrop Fryslân
Foar it nije farseizoen sykje se noch frijwilligers, skippers en bemanningsleden. "En as se har ferfele, meie se ek komme foar it ûnderhâld."
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Frijwilligers Johannes Hobma en Rinus Grondsma (1)

Sail Amsterdam

"It grutste doel dit jier is nei Sail Amsterdam, yn augustus. Dêr falt wat te fertsjinjen om it ûnderhâld betelje te kinnen, we kinne mei passazjiers farre en wolle fansels it skip oan mear minsken sjen litte."
Frijwilligers Johannes Hobma en Rinus Grondsma (2)