Eigener fan losrinnend hynder Boelensloane fûn
De eigener fan it hynder dat ôfrûne moandei losrûn yn Boelensloane is fûn. Dat meldt de gemeente.
De hoppe rûn los om en waard tydlik ûnderbrocht yn it doarp. De gemeente frege minsken dy't wisten fan wa't it hynder wêze koe, om harren te melden. Wa't de eigener is en oft er himsels melden hat, is net bekend.