Voedselbank Snits hâldt iepen dei op nije lokaasje

08 jan 2020 - 10:33

Voedselbank Snits-Wymbritseradiel hat in nij ûnderkommen. Yn desimber 2018 liet de ynstânsje witte ferhûzje te wollen nei in oar plak, om't it eardere plak yn Snits op bedriuweterrein Houkesloot om in ferskaat oan redenen net mear foldie.

De âlde lokaasje wie te lyts en eins net effisjint en profesjoneel te brûken. Mei in soad aksjes út de mienskip en strukturele help fan ûnder oare de tsjerken en de lanlike Voedselbank is de ynrjochting fan it nije plak mooglik makke.

De Voedselbank is mar it lyts stikje ferpleatst, nei de Professor Zernikestraat, in pear kilometer fierderop. It bestjoer lit witte dat it wurkjen út de nije lokaasje wei goed befalt. It is grutsk en wol it nije ûnderkommen graach sjen litte. De ynstelling hâldt dêrom op 18 jannewaris fan 11.00 oant 16.00 oere in iepen dei foar belangstellenden.

Voedselbank Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(advertinsje)
(advertinsje)