Kollum: "Bliksems"

08 jan 2020 - 08:59

"De tredde boere-aksjedei fan Farmers Defence Force ferline jier wie fansels ûnsin. Likegoed ha 17 miljoen Nederlanners Jitty van der Werf net in driichbrief stjoerd. Dat soe ek ûnsin wêze, want sa'n moai frommes út Hitzum wolle je dochs net oan de kant ha. Likegoed krige se wol sa'n driichbrief. En wie der nochal fan oeral.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Logysk, ik ha it ek meimakke en meitsje noch wolris bedrigings mei. Dat komt om je de wierheid skriuwe en sizze. Dêr kinne in soad minsken net oer. Jitty wie al út de Defence Force stapt, om't it har wat te grouwélich gie. Mar se hat wol har eigen wierheid.

En dat mei net. We libje yn in mienskip wêrfan't sa rûchwei 20 persint it net akseptearret dat je oars tinke as dat sy dogge. As je je de bek hâlde, fine se it wol goed, mar o wee as je wat sizze. Grinzen binne der net mear, de reaksjes sitte yntusken snútslaggen en delstekke. Sa ha we in sike mienskip krigen, hy is terminaal.

Fernuverjend fûn ik bygelyks by it kryst-en-nijjiersreses, dat ik dêr noch folle mear as dy 20 persint tsjinkaam dy't ynienen sizze dat Timmermans net normaal is, dat Jesse Klaver net doocht, dat Rob Jetten mar opsoademiterje moat. It giet net iens om de partij, mar persoanlik om de oanfierders. In bytsje sa't Trump dy Suleimani yn Iran deameitsje liet, sa fan dan pak ik se echt. Prima, seit elkenien ek noch. Se witte net dat wrâldoarloch trije yntusken útbrutsen is.

Minsken dy't sa prate, witte te min wat der bart yn de wrâld. Dat is oan de iene kant de skuld fan de media dy't it hiel ferkeard en iensidich bringe allegear. Mar ek de skuld fan de minsken sels dy't gjin krante mear lêze, inkeld nei Boer zoekt Vrouw sjogge. Net ynteressearre yn wat in oar fynt. Gjin inkeld respekt foar in oare miening.

It is in proses dat al lang oan de gong is, mar we hawwe it allegear gewurde litten. It is te let. Want krekt in tal politike partijen makket ek noch handich gebrûk fan de ûnfrede. De diskusje oer in fjoerwurkferbod makket dat dúdlik. As fjoerwurk in pear deaden feroarsaket, wurde we der waarm noch kâld fan. Dan hiene se mar net yn dy lift stappe moatten. As de eachdokter yn Rotterdam fertelt hoefolle eagen minsken misse moatte, dan wurdt der sein dat se, ek al rûnen se gewoan wiene se gewoan del, mar in fjoerwurkbril opsette moatte hienen. Dus we moatte tenei elke âldjiersjûn 17 miljoen fjoerwurkbrilllen útrikke.

Ja, sei Annemarie Jorritsma de tongersdeis op Radio 1 op dy fraach. It âld-Boalserter VVD-riedslid, letter ta minister roppen, wit fansels wol better. Likegoed ferdigene se it fjoerwurksjittten alderheislikst, har bernsbern dienen it ommers net. Se ûnderbruts elkenien dy't oars tocht. Ik soe sizze dy't normaal tocht. Mar Annemarie sei it oars, want se wit dat der rillegau ferkiezings komme en dan moat alle 130 riders en fjoerwurkôfstekkers op Rutte stimme. Baudet en Wilders fjochtsje mei en tegearre mei it CDA wolle se de boeren ek noch ha. Willem Schoorstra kaam juster ek al ta dy konklúzje. Dêr heakje ik noch oan ta dat de oare kant eins op deselde wize oan de gong is.

Mar dêr komt noch wat by: ik ha de tritiger jierren yn de foarige iuw net meimakke, mar der wol in soad oer lêzen. Ik wurd hieltyd benauder. Ek doe stiene der, krekt as no, in tal lânsoanfierders op, dy't mei gemak legers út de grûn raze koenen en dêrnei brûke. Doe wienen der ek in tal skytbroeken yn oare lannen, no komme der oeral wylde razers en sjitters oan it bewâld. Dat komt om't yn de lannen genôch ûntefreden lju opnaaid binne.

We ha nei de Twadde Wrâldkriich lang in wrâldbefolking hân dy't begriep wat der allegear ferkeard gien wie, en sei dat soks nea mear barre moat. Dy tiid ha we wol wer hân.

Dus as je hjir immen tsjinkomme dy't in driichbrief skriuwt, of in plysje in rotsje nei de holle smyt, of seit dat progressive partijen, oarstinkenden, homo's, islamiten, Swarte Piten, oarskleure persoanen of wat dan ek, net bestean meie, dan is dat hiel normaal wurden. Dêrmei gean we hiel normaal nei de bliksem."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)