Bewenners Nij Ylostins noch altyd yn ûnwissens: "Onzekerheid sloopt de mensen"

08 jan 2020 - 08:40

De bewenners fan âldereinkompleks Nij Ylostins yn Drylts witte noch altyd net wêr't se oan ta binne. Eigener wenningkorporaasje Elkien wol it kompleks ôfbrekke, mar dêr binne de bewenners der poer op tsjin. Aksjefierder Joke Schilling fynt dat it proses fiersten te stadich ferrint en dat de bewenners net sa lang yn it ûnwisse hâlden wurde kinne.

Nij Ylostins, Drylts - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Elkien is fan plan om nij te bouwen op it plak dêr't Nij Ylostins stiet. Begjin desimber liet it kolleezje fan Súdwest-Fryslân lykwols witte de yntinsje te hawwen it kompleks oan te wizen as gemeentlik monumint. Fan sloop kin dan gjin sprake wêze. Pas op 25 febrewaris wurdt dúdlik oft it gebou dy status krijt.

Mar dat duorret fierstente lang, seit Schilling. Der moat sa gau as mooglik in ein komme oan de ûnwissens dêr't de bewenners no yn libje. Schilling mocht tiisdeitejûn by de kommisje Doarp, Stêd & Omkriten (DSO) ynsprekke út namme fan de bewenners. "De bewoners zitten al meer dan een jaar in onzekerheid. Dat doet wat met ze."

Joke Schilling oan it wurd

Elkien giet yntusken troch mei de nijbouplannen. Op 18 jannewaris is harren twadde nijbougearkomste. "Dat willen de bewoners helemaal niet. Zij willen eerst weten of het een monument wordt. Als dat gebeurt, kan het gebouw vrij vlot worden opgeknapt." Dy opsje hat de foarkar ûnder de bewenners.

De ried kin him neffens Schilling aardich ynlibje yn de beswieren. "De raad is best redelijk. Over het algemeen zijn de raadsleden best wel bereikbaar voor andere plannen."

Mooglike oplossing

Schilling hat de ried wiisd op in mooglike oplossing, dy't út de stêd sels wei komt. Dat plan hâldt yn dat Elkien yn it eardere gemeentehûs de saneamde plus-soarch leverje kin. Dan kinne de âlderen dy't krekt wat minder soarch nedich ha nei Nij Ylostins. Dat befoarderet de trochstream yn de stêd: de jongerein kin dan huzen keapje fan de âlderen.

(advertinsje)
(advertinsje)