Kampanje tsjin drugslabs yn bûtengebieten

08 jan 2020 - 08:00

Meld Misdaad Anoniem komt woansdei mei in kampanje tsjin drugslabs yn bûtengebieten. Lege loadsen en stâlen binne oanloklik foar kriminelen om drugs yn te meitsjen. In soad lokaasjes lizze efterôf of op yndustryterreinen. Ferhierders binne harren noch net genôch bewust fan de risiko's. Fertochte situaasjes kinne anonym trochjûn wurde oan de plysje.

De kampanje rint yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Sinjalen kinne anonym trochbelle wurde op 0800-7000 of online yn in befeilige omjouwing op 'meldmisdaadanoniem'.

Bedriging fan tsjûgen of in swijkultuer kinne derfoar soargje dat misstannen ûnsichtber bliuwe. It anonime meldpunt kin helpe minsken oan it praten te krijen. De kampanje wurdt útfierd yn gearwurking mei it Regionaal Informatie en Expertise Centrum (RIEC), ôfdieling Noard, it Iepenbier Ministearje, de plysje en alve gemeenten yn Noard-Nederlân. Foar Fryslân binne dat Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel. Delfsyl, Appingedam, Loppersum, Het Hogeland, Westerkwartier, Emmen en Coevorden binne de dielnimmende gemeenten yn Grinslân en Drinte.

In tredde mear meldingen

By de plysje Noard-Nederlân kamen ferline jier mei-inoar 33 anonime meldingen binnen oer produksje fan syntetyske drugs. Dat is 32% mear as yn it jier 2018. Nei alle gedachten binne der mear drugslabs as der opspoard wurde. Om foar te kommen dat ferhierders fan loadsen en skuorren op achterôf plakken mei grutte besommingen jild oerhelle wurde, komt der no in tsjinoffensyf.

Boargemaster Oebele Brouwer fan gemeente Achtkarspelen fynt it wichtich dat minsken yn it bûtengebied harren bewust binne fan de risiko's en meldingsmooglikheden.

"We wolle foarkomme dat kriminelen de feiligens en it ûndernimmersklimaat yn ús bûtengebieden oantaaste. Dêrom warskôgje we minsken foar de gefaren en bringe it anonime meldpunt ûnder de oandacht. It is wichtich dat we drugslabs net sjogge as allinnich in probleem fan de oerheid", seit Brouwer.

"In drugslab feroarsaket in soad ellende foar de omjouwing. As we mei ús allen wach binne op fertochte sinjalen, kinne we in hiel soad ellende foarkomme."

Oebele Brouwer oer de kampanje

Risiko's fan drugslabs

Drugslabs binne libbensgefaarlike, gemyske fabrykjes dêr't xtc en amfetamines makke wurde. Dêrmei is faak in hiele groep anneks. By de ferhier fan in gebou, de opbou fan in lab en it fertsjusterjen fan ôffal binne in soad partijen belutsen. Omdat elkenien elkoar ken yn in groep begjinne dingen soms op te fallen: it ôf- en oanriden mei auto's, bou- en sjou-aktiviteiten op frjemde tiden of samar ynienen in soad jild útjaan of djoere oankeapen sjen litte.

LTO Noord wurket ek mei oan de kampanje. "Kriminelen meitsje misbrûk fan ûndernimmers dy't goederbêst binne. Oer harren rêch wurdt in soad jild fertsjinne. Minsken wurde ôfhinklik makke of ûnder druk set, betiden mei geweld. Dêrtroch kinne se der net samar mei ophâlde."

Meldpunt is gjin plysje

Yn in jier stjoert Meld Misdaad Anoniem 16.000 meldingen troch nei de plysje en oare partners. Dêrmei wurde saken oplost. It meldpunt is ûnôfhinklik en dus gjin plysje.

Foto: Noardeast Fryslan

Ferlieding is bêst wol grut

"Der binne hieltyd mear leechsteande bedriuwsgebouwen yn Fryslân en minsken kinne it jild wol brûke, dus de ferlieding is bêst wol grut", seit Tineke de Vries fan LTO Noord.

Oan it ôffal op it fjild is te sjen oft der sprake is fan in drugslab. "Hjir falt it gelokkich noch ta, mar we moatte it hjir net hawwe."

Se warskôget de boeren om der net yn mei te gean as je de minsken net kenne. "Ast ien kear yn sa'n sirkwy sitst, komst der net gau wer út."

It spilet foaral yn it suden, mar it kin nei it noarden komme. "Dat moatte we foar wêze. As je sjogge dat der wat net yn de haak is, is de drompel om dat te melden bêst wol grut, want elk ken elkoar, mar no kin dat dus anonym. Mar om't je elkoar kenne is dat ek handich, want je witte wat normale patroanen binne en wat net."

Tineke de Vries fan LTO Noord

(advertinsje)
(advertinsje)