Renovaasje jachthaven it Amelân set pas oer moannen útein

08 jan 2020 - 07:01

In moanne lyn waard it plan foar de nije jachthaven by Nes op it Amelân werom nei de tekentafel stjoerd. It die bliken dat net alle belutsen partijen genôch heard wienen en der kaam in soad krityk op it plan. Yn in ekstra riedsgearkomste tiisdeitejûn is besletten de plannen noch efkes út te stellen.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Ien fan de punten fan krityk is dat der te min romte yntekene wêze soe foar de charterskippen. Der kamen oerlizzen, in nij plan en kolleezje en ried tochten dat se alle noazen no deselde kant op hiene. Dat bliek dochs net in gefal. "We hadden eind december al het signaal afgegeven om een pas op de plaats te maken, om de partijen de gelegenheid te geven om met elkaar in gesprek te gaan", leit wethâlder Theo Faber út.

Troch it útstel is it mar de fraach oft de útfiering noch slagje sil foar it kommende farseizoen. "Dinsdagavond is door de gemeenteraad de conclusie getrokken dat het dan zorgvuldiger is om na het komend vaarseizoen van start te gaan."

De tekening fan de jachthaven - Foto: Gemeente Amelân

Neffens Faber soe de jachthaven it petear oangean moatte mei de brûkers, lykas de brune float, de wettersportferiening en de havenmasters. "Wij kunnen dat als gemeente faciliteren, maar het is aan hen om tot eenheid te komen." Paul Scheffer fan de brune float reagearre teloarsteld, mar begrypt dat der in goed oerwage beslút nommen wurde moat.

It jild soe net in probleem wêze, seit Faber. "Het geld is na het vaarseizoen ook beschikbaar. Als de uitvoering zich verplaatst naar het najaar, dan zijn de financiën daarbij niet in gevaar."

Politike krisis

Wat ek meispilet is de politike krisis dêr't no sprake fan is op it eilân: PvdA-foarsitter Tonnie Overdiep en PvdA-riedslid Irma Marinus stapten op fanwegen in fertrouwenskrisis. "Er is gezegd: neem nu maar even extra tijd om dit zorgvuldig te doen. Dan gaan we nu als minderheidscollege gewoon verder." Nei de nije koälysjefoarming hopet de ried wer in kompleet bestjoer te hawwen.

Oan foarsitter Mosterman fan 't Leije Gat, de stifting dy't de haven hiert fan de gemeente, no de taak om de ferskillende partijen byelkoar te krijen. Hy hâldt him op 'e flakte oer wat de problemen no krekt binne, it soe benammen gean om feilichheid en brûkersgemak.

Wethâlder Theo Faber oer de jachthaven

(advertinsje)
(advertinsje)