Wim Stroetinga wint 'Zesdaagse van Rotterdam' mei oermacht

Wim Stroetinga fan Terwispel is mei Yoeri Havik winner wurden fan de 'Zesdaagse van Rotterdam'. De hurdfytsers hellen yn seis dagen tiid de measte punten by de baanwedstriid yn Ahoy.
Stroetinga en Havik by de Seisdaagse fan 2019 © Orange Pictures
Stroetinga en Havik giene as twadde keppel de lêste dei yn mei de measte punten, mar wol mei in rûntsje efterstân. Al by it earste ûnderdiel fan de tiisdei, de madison, waard dat rûntsje ynhelle. Op it team elimination-ûnderdiel hellen de twa in twadde plak, folge troch winst yn de tiidrit en in fjirde plak yn de derny-finale.
It duo pakte yn de keppelkoers twa kear in rûntsje ekstra. Dêrtroch wiene sy úteinlik mei mear as 100 punten en in rûntsje foarsprong de winners fan de Zesdaagse. Jan-Willem van Schip en Moreno De Pauw waarden twadde.
Stroetinga wie yn 2012 ek al winner yn Rotterdam, doe noch mei Peter Schep. Mei Havik waard er ferline jier tredde yn Rotterdam. Letter dizze wike dogge Stroetinga en Havik mei oan de Zesdaagse van Bremen.