Joyce út Koudum hat wer in rolstoelbus mei help fan Emiel fan de Hûnekop

De handikapte Joyce út Koudum hat wer in bus foar it ferfier. Har eardere bus gie krekt foar de krystdagen yn flammen op. Emiel fan de Hûnekop stelde in gitaar beskikber foar de ferkeap om de frou te helpen.
Joyce foar har nije bus © Eigen foto
Joyce Sirag sit yn in rolstoel en kin net sûnder in oanpaste bus. Sjonger Emiel fan de Hûnekop kaam foar har yn aksje en stelde syn gitaar beskiber. Belangstellenden koene in bod dwaan. Dat smiet in bedrach fan 3500 euro op. De gemeente Súdwest-Fryslân die der noch in bedrach boppe-op en doe wie der mear as 6000 euro. Dat wie genôch foar in goede twaddehâns en dy fûn aksjefierder Paul Bieze yn Medemblik. De bus kaam tiisdei yn Koudum oan.
Aksjefierder Paul Bieze en echtgenoat Gerard Sirag oer de bus foar Gerard syn frou Joyce Sirag
© Omrop Fryslân, Willem de Vries