Ljouwerter plysje siket drugsbaas 'met raar loopje'

07 jan 2020 - 21:41

De plysje fan Ljouwert is op syk nei in man dy't belutsen wêze soe by in drugslab dat ferline jier oprôle is. De man soe de spil yn de drugsproduksje wêze. Dat meldt it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht. Dat programma hat bylden publisearre fan de fertochte.

Op 21 maaie die in arrestaasjeteam fan de plysje in ynfal by in drugsloads oan de Master P.J. Troelstrawei yn Ljouwert. Yntusken binne fiif fertochten oanholden.

De plysje is noch op syk nei de sechsde fertochte. Dat soe de spil yn de drugsproduksje wêze. Neffens it programma hat de man 'een raar loopje.' "Hij zwaait op een aparte manier met zijn ledematen."

De fertochten dy't oanholden binne, koene of woene de plysje net oan de identiteit fan de sechsde fertochte helpe.

Plysjes wiene it drugslab op it spoar kaam nei in tip. Doe't se dêr oankamen, bliek der yn in loads achter op it terrein amfetamine sean te wurden. Dat is in grûnstof foar speed en xtc. De omstannichheden yn de loads soene libbensgefaarlik west hawwe.

(advertinsje)
(advertinsje)