Gemeente siket eigener fan losrinnend hynder: 'Is dit paard van jou?'

07 jan 2020 - 21:09

De gemeente Achtkarspelen is op syk nei de eigener fan in losrinnend hynder. Dat meldt de gemeente. It hynder is ôfrûne moandei oantroffen yn Boelensloane.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

It hynder is op dit stuit ûnderbrocht op in tydlik adres yn Boelensloane. De gemeente freget minsken dy't witte fan wa't it hynder is, om harren te melden. "Is dit paard van jou of weet jij van die paard is? Neem dan contact op met Schutstalhouder Sliep". In mailadres is te finen op de facebookside fan de gemeente Achtkarspelen.

Trefwurden: 
hynder Boelensloane
(advertinsje)
(advertinsje)