Undernimmer yn Harns oer alkohol: previnsje is wichtiger as kontrôle

It jaan fan alkohol oan jongerein oanpakke. Dat is wat boargemaster Roel Sluiter fan Harns de kommende tiid dwaan wol. Yn syn nijjierstaspraak joech er oan dat de gemeente Harns in plan fan oanpak ûntwikkelje sil om drankgebrûk by jongerein te beheinen. Undernimmer La Serpe sjocht mear heil yn previnsje as yn kontrôle.
Drankgebrûk jongerein Harns
Neffens boargemaster Sluiter bart it no noch te faak dat jongerein ûnder de 18 jier oan alkohol komme kin. Hy wol mear kontrôle en, as it moat, hegere boetes.

'Alkohol wurdt trochjûn oan jongeren'

Arturo La Serpe is bestjoerslid fan Koninklijke Horeca Nederland, ôfdieling Harns en hat in hoarekasaak yn de stêd. Hy is it net iens mei de boargemaster. Neffens him moat der wol mear kontrôle komme, mar leit it echte probleem earne oars. "Ik vind dat hij een goed onderwerp aanstipt, maar het probleem ligt niet bij de schenker. De ondernemers in Harlingen zijn serieus met hun vak bezig en ik kan ervoor instaan dat de meesten wel controleren op leeftijd." Mar neffens him kinne se net foarkomme dat de drank trochjûn wurdt oan ien dy't te jong is.

Previnsje

La Serpa tinkt dat de saak previntyf oanpakt wurde moat. "Als de gemeente het gesprek aangaat met ondernemers over waar de pijnpunten zitten, dan kun je daarna gaan handhaven." Neffens La Serpe binne de sifers in momintopname en binne se net sa ekstreem as se op papier stean.
Ien opsje dy't Sluiter neamde, wie it ferheegjen fan de boetes foar ûndernimmers. "Dat is wat kort door de bocht. Dan leg je het op het bordje van de ondernemer, terwijl het een groter maatschappelijk probleem is. Preventie is belangrijker dan controle."
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Arturo La Serpe, bestjoerslid fan Koninklijke Horeca Nederland, ôfdieling Harns