NMa akkoart mei sikehûsfúzje

10 jul 2012 - 14:10

De Nederlandse Mededingingsautoriteit (NMa) is akkoart gien mei it plan foar in fúzje tusken de sikehuzen fan Dokkum en Drachten. In konsintraasje fan dizze ynstellings sil net liede ta in beheining fan de 'mededinging', fynt de NMa. Dêrmei is de bestjoerlike fúzje tusken De Sionsberg en Nij Smellinghe in stap tichteby kommen. De kommende tiid sil de finansjele sitewaasje fan de Dokkumer soarchgroep Pasana besjoen wurde.

Der moat ek dúdlik wurde hoefolle fersekerder De Friesland meibetelje wol. De ferwachting is dat de fúzje yn septimber syn beslach krijt. Dan kin fuort begûn wurde mei de yntegraasje.

(advertinsje)