Hantekeningen moatte soarchsintrum Oentsjerk rêde

Mei in petysje besykje fertsjintwurdigers fan de bewenners in wensoarchsintrum yn Oentsjerk iepen te hâlden. It giet om it soarchsintrum Noflik Wenje foar minsken dy't demint binne. Neffens soarchgroep Patyna moatte de doarren op slot. It sintrum soe te lyts wêze.
© Aksjegroep "Noflik Wenje moat bliuwe!"
Op 1 jannewaris 2021 gean de doarren fan Noflik Wenje definityf ticht. Neffens soarchgroep Patyna kin dat net oars. Der wenje no tsien minsken. Om goede soarch biede te kinnen, binne der tusken de 25 en 30 bewenners nedich, seit Patyna.
Yn de petysje wurde de gemeente, de soarchynstelling en de soarchfersekerder oproppen om mei te helpen de lytsskalige soarch yn de Trynwâlden te behâlden. Patyna hat earder sein dat it net slagget om in oernamekandidaat te finen. Bewenners fine dat Patyna dochs fierder sykje moat.

Rekkenflater

Fertsjintwurdigers fan bewenners sizze dat twa jier nei de iepening yn 2014 bliken dien hat dat de soarch djoerder útfoel as yn it foar tocht. In rekkenflater soe dêr de oarsaak fan west hawwe. De soarch waard djoerder en no moatte de doarren definityf ticht. Bewenners sizze dat se net twa kear foar deselde flater opdraaie wolle.
De kliïnteried fynt dat der in ûnôfhinklik ûndersyk komme moat nei de helberens fan in oername en advisearret Noflik Wenje net te sluten.