Boargemaster Buma slút drugswenning; tredde fan 2020

07 jan 2020 - 17:42

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat tiisdei in wente oan De Gealanden yn Ljouwert sletten, fanwegen oertrêding fan de Opiumwet. Op 24 oktober 2019 waard der yn it hûs in himpkwekerij oantroffen.

Hennepkwekerij - Foto: Pixabay

Yn de wente waarden ek groeimiddels, lampen en oar materiaal oantroffen. De wente is sletten foar trije moannen.

Neffens de plysje is it al de tredde himpkwekerij dy't dit jier oprôle waard.

(advertinsje)
(advertinsje)