Taksyferfier? Der binne noch 62 wachtsjenden foar jo

Mear as in heal oere yn de wacht of somtiden hielendal net oan bar komme. Dat meitsje pasjinten mei dy't fersekere binne by De Friesland soarchfersekerder en dy't taksyferfier nedich hawwe. Sûnt 1 jannewaris is it systeem feroare en dat soarget foar in soad klachten.
Klachten oer taksyferfier
Nei de fúzje fan De Friesland mei Zilveren Kruis en Achmea is it taksyferfier op 'e nij Europeesk oanbestege. It bedriuw ZCN dat spesjalisearre is yn it organisearjen fan mobiliteitstsjinsten, regelet no de taksys.
Earder koene pasjinten direkt kontakt sykje mei in taksybedriuw, mar no moatte se belje mei ZCN. Dat bedriuw sutelet it dan wer út nei taksybedriuwen yn de regio. Dat rint lang net altyd goed. Der binne in soad klachten oer it nije systeem.
Jan van Marrum oer de problemen mei taksiferfier

Soargen oer needsituaasjes

Ien fan de minsken dy't oan 'e belle lûkt, is Jan van Marrum út Harns. Hy is ôfhinklik fan taksyferfier nei it UMCG yn Grins fanwege akute leukemy. Hy hat yn ien wike tiid twa kear yn 'e wachtrige sitten mei mear as in heal oere wachttiid. Dat makket him tige ûnwis oer it feit oft er wol of net op 'e tiid in taksy kriget. Van Marrum makket him bot soargen oer hoe't it komt as er yn sân hasten nei it sikehûs moat as er koarts hat of as syn bloedwearden ynienen nei ûnderen gean. Dan is it fan libbensbelang dat er fuortendaliks dy kant op kin. Dat liket yn dizze sitewaasje net mooglik.

Stress

Van Marrum hat ferskate kearen syn beklach dien by De Friesland. Hy kriget te hearren dat it net oars kin en dat er it dochs gewoan by ZCN regelje moat. Dat jout in protte stress en neffens Van Marrum hawwe folle mear minsken der lêst fan. De taksybedriuwen binne ek net bliid mei hoe't it no giet. Ek sy moatte minsken wer trochferwize nei ZCN, wylst se earder de minsken gewoan ynplanne koene.

Nûmer 63 yn de wachtrige

By ZCN sizze se tsjin de kliïnten dat se te min minsken hawwe om rapper te wurkjen. Der wurdt al warskôge foar in lange wachttiid as je it nûmer belje. Van Marrum wie feline wike nûmer 63 yn de wachtirige.
Rob Propsma fan De Friesland oer problemen mei taksi

App of webside yn plak fan belje

De Friesland krijt in soad klachten oer it ferfier en wurket oan oplossings mei it bedriuw ZCN. De oarsaken lizze yn it feit dat it mei de oerdracht fan de data net goed gien is. Dat hat foar in part mei privacyregels te krijen. Neffens wurdfierder Rob Propsma fan De Friesland hie dat net foarsjoen wurde kinnen, mar se fine it tige ferfelend.
Se hoopje dat it probleem yn in pear dagen tiid oplost is. Oant dy tiid advisearje se klanten fan De Friesland dy't ferfier nedich hawwe om it safolle mooglik op de webside of de app te regeljen en sa min mooglik te beljen mei ZCN want dan wurde de wachtrigen alllinnich mar langer.
Op de side https://www.defriesland.nl/ is ynformaasje te finen oer hoe it bêste om te gean mei it regeljen fan it ferfier. En oar is is it belje en geduld hawwe: U wordt zo spoedig mogelijk geholpen.
© Omrop Fryslân, Simone
Jan van Marrum út Harns