Wetterkearing by Nes foldocht net oan de easken

07 jan 2020 - 17:28

Wetterskip Fryslân sil de wetterkearing yn de omjouwing fan Nes yn de gemeente Hearrenfean ferheegje. Ek wurdt de wetterkearing ferstevige mei nije wâlbeskoaiïng. Dy soe op guon plakken net mear foldwaan oan de fereaske hichte en stabiliteit.

Foto: Wetterskip Fryslân

It giet om lytse ûnderdielen fan de kearing lâns de Nesker Sylroede en de Burstermerrak tusken Nes en Pean. Mei it ferbetterjen fan de wetterkearingen hopet it Wetterskip de wetteroerlêst yn de omjouwing fan Nes te beheinen.

Ek wurde natuerfreonlike oeren op guon lokaasjes ferbettere of oanlein. In oantal sleatten en fearten wurdt dêr breder makke en de oeren stadich ôfrinnend makke.

It Wetterskip pakte earder al in grut part fan de oeren en kaden yn it gebiet oan. No is der sprake fan restearjende wurksumens, benammen op it terrein fan partikulieren en bedriuwen. Neffens planning moat it wurk foar septimber 2020 klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)